10/08/2026
Noch in moantsje en dan is 't safier, 12 septimber! Dan turne wy it hilliche lân fan it Mearsfjild wer om ta it decor foar it Nachtkeatsen. It Sjûkelân is d'r neat by. De opjefte begjint stadichoan lekker troch te rinnen, lykas ús tariedings as organisaasje. Wy binne moai dwaande mei de puntjes op de i en hawwe d'r ek dit jier wer tige sin oan. 🥳
Tanksij ús fantastyske sponsoren (wêroer letter dizze moanne mear), binne wy ek wer yn de gelegenheid om de winnaars dizze nacht te foarsjen fan skitterende priizen. Die wolst seker witte winne! 😏 En, omdat wy dit jier de jubileumedysje hawwe, falle d'r tuskentroch ek leuke stroaipriizen te winnen, foar ferskillende prestaasjes yn de partijen. 🏆
Fansels is d'r ek in programma neist it keatsen. Yn ús pitoreske feesttintsje parkeart ús eigen FeestDJ Jeff syn hypermoderne Drive-in show (Nij Sion, tige tank!). 🪩 Hy stiet altiid ipen foar goeie fersiekjes. Goeie sfeer en in dikke tredde helte gegarandeerd!🕺🏼🎉 Grillmeister Ernie sil ús dêrneist foarsjen fan wat lekkere kanerij tuskentroch, sadast dyn boaiem efkes wat oanfulle kinst nei alle fanatyke ynspanningen op it fjild. Koartsein: sportiviteit, gesellichhiid, lekker iten & kâld bier (en allegear oare soarten lekker fergif). In reseptuer foar in machtiche nacht, wy hoopje op jim komst! 🍻
De opjefte is dus al los (tsjek de poster foar it tillefoannûmer) en slút woansdei 8 septimber, om 18:00 oere jûns. Dus, wachtsje net te lang en jou dy op foar de 5e edysje fan it Nachtkeatsen! 12 septimber, 20:00 oere, It Mearsfjild Nijewier. ⚾