Frysk sjongfestival Liet

Routebeschrijving Website Contact opnemen met de organisatie

Frysk sjongfestival Liet Sinds 1991 wordt jaarlijks het Friese songfestival Liet georganiseerd. De finale van Liet heeft altijd plaatsgevonden in Ljouwert/Leeuwarden.

Liet 2026 | Opnamedagen - Dei IenOp de earste opnamedei wie it de beurt oan Mosken - Fegebart en Lotte Broersma & de Rij...
23/10/2026

Liet 2026 | Opnamedagen - Dei Ien

Op de earste opnamedei wie it de beurt oan Mosken - Fegebart en Lotte Broersma & de Rijpkemas om harren nûmers sa moai mooglik yn it sintsje te setten. De gedrevenheid en de wille spatte derôf. Ek kaam Yung Frysk del om de artysten te ynterviewen oer it proses en naam Rende Wisse profesjonele fideoklips op.

Wat opfalt is hoet by alle opnamen yn Baard de muzikanten inoar helpe yn dat kreative proses. Ynstruminten wurde útliend, muzikanten springen by as in ynstrumint mist en in stim ekstra foar in eftergrünkoarke is giin pro-bleem. Ta grutte foldwaning fan Bonne fan Bonnevillestudio : "Dit is it moaie fan myn fak. It meitsjen is de kick!" seit de opnamelieder. Hysels krijt dêr syn enerzjy fan.

-----

📷 Vincent Walsarie
✍️ Op e' Skille Nûmer 20 • 6 oktober 2026
📍Sint Gertrudiskerk Baard

Liet 2026 | OpnamedagenDe Sint Gertrudistsjerke fan Baard waard ein septimber foar in pear dagen folslein omtsjoend ta m...
20/10/2026

Liet 2026 | Opnamedagen

De Sint Gertrudistsjerke fan Baard waard ein septimber foar in pear dagen folslein omtsjoend ta muzykstudio mei ferskate ynstruminten, sa'n tritich artysten oer de flier en in ymposant mingpaniel ûnder it oargel fan de tsjerke. Hjir binne de nije Frysktalige nûmers fan de Liet dielnimmers live opnaam foar de finyl plaat, dy't op 12 novimber presintearre wurde sil yn Neushoorn yn Ljouwert.

Liet docht it dit jier hielendal oars. Gjin kompetysje, gjin winner, mar in byld fan wat der hjoed-de-dei oan muzyk yn Fryslân libbet. Spesjaal foar de opnamen is de organisaasje op syk gien nei in unyk plak, it leafst bûten de haadstêd - want Liet is der foar de hiele provinsje Fryslân. De Tsjerke fan Baard foldie oan alle winsken. Mei har autentike akkoestyk klinkt in soad persoanlikheid troch yn de opnamen.

Op de coachingdagen hiene de artysten harren nûmers en talint al hearre litten - mar dan binne je der noch net. It muzikale ferskaat - en dêrmei ferskille - tusken de artysten is grut. Hjir moast studiolieder Bonne van der Wal fan Bonnevillestudio tûk op ynspylje. Dat er sels muzikant is helpt dêrby seker mei. Sa wit er fan beide kanten wat nedich is om ta it bêste resultaat te kommen. Sa klaaide er de tsjerke oan mei skûmpanielen, in tapyt oer de houten planken, pleatste er de mikrofoans achter de piano yn stee fan derfoar, twa mikrofoans opinoar foar de bas en in doek oer de drum. Sels spilet er ek noch in deuntsje mei. Fantastysk!

-----

📷 Vincent Walsarie
📍Sint Gertrudiskerk Baard

Liet 2026 | De dielnimmers Hjir binne se dan, de 6 acts fan Liet 2026 Nieuwe Stijl. Mei nagelnije songs, sfearfol en mei...
20/10/2026

Liet 2026 | De dielnimmers

Hjir binne se dan, de 6 acts fan Liet 2026 Nieuwe Stijl. Mei nagelnije songs, sfearfol en mei prachtige Fryske teksten. Der is wer in grut ferskaat yn muzykstilen mei ien oerienkomst: it is fernijend!

-----

📷
📍Muziekkafee Wytgaard

Liet 2026 | Socials & OpnametechnykNei in hearlike lunch wurde de artysten ien foar ien ynterviewd troch Yung Frysk foar...
22/09/2026

Liet 2026 | Socials & Opnametechnyk

Nei in hearlike lunch wurde de artysten ien foar ien ynterviewd troch Yung Frysk foar Instagram & TikTok. Sy sille it hiele traiekt fan de artysten by Liet folgje.

Nei't de portretten op kamera stean, is it tiid om mei syn allen om tafel te gean om te sparjen mei Bonne van der Wall oer de opnamen foar de finyl plaat. Bonne is betûft klanktechnikus, produsint en bassist ekstraordinêre. Hy leart artysten hoe't se optimaal klinke yn de studio en hoe't live-sound ferskille kin fan opname:

Hoe kreëarrest no de perfekte live sound foar dyn arranzjemint? Hokker pedalen? Hokker mikrofoans? Hokker fersterkers? Hoe pakke wy dy live sound no écht goed op yn opname? Gearwurking mei de lûdsman, balâns yn it ensemble en de keunst fan in sterk arranzjemint.

De dei wurdt ôfsletten mei in parsemomint. Sels op in sneontemiddei is der in moaie opkomst oan sjoernalisten. De artysten wurde ynterviewd troch ferskate radiostjoerders en kranten. Ien ding is wis: Liet 2026 stiet yn the picture fan Fryske taal & kultuerleafhawwers!

📷
📍Muzykkafee Wytgaard

Liet 2026 | Liedtekst & Fryske taalOp de ûnderferdjipping fan it Muzykkafee yn Wytgaard skowe de artysten ien foar ien o...
22/09/2026

Liet 2026 | Liedtekst & Fryske taal

Op de ûnderferdjipping fan it Muzykkafee yn Wytgaard skowe de artysten ien foar ien oan by Wiebe Kaspers. Tegearre nimme se harren songteksten ûnder de loep. Wiebe stelt krityske fragen dy't oan it tinken sette: Hoe kinst dyn ferhaal noch better oerbringe oan it publyk?

Wiebe: "Yn myn songs sykje ik nei puerheid yn melody en harmony, en in lyts bytsje magy yn de tekst. Ik besykje mysels en de muzikanten mei wa't ik wurkje, út te daagjen om de harker yn ekstaze te bringen.

Ik fûn it hiel moai om te sjen dat elkenien sa serieus dwaande is mei tekstskriuwen. Myn hert slacht altyd hurder oan as in tekst goed trochtocht is, en ik fyn it super om op dizze wize by te draagjen oan it tekstskriuwen fan de Liet-artysten. En moai om te sjen dat der ek wer in nije generaasje Fryske artysten oankomt! Folgjend jier graach wer!"

Wiebe Kaspers is Fryske pianist en sjonger út Jorwert, bekend as frontman fan de band Wiebe. Sûnt 2022 giet der solo fierder ûnder de namme Kaspar. De kombinaasje fan syn kleare stimlûd en de ynhâld dy't er leit yn syn ferskes, soarget foar in autentyk, ambachtlik en artistyk resultaat. Kaspar bringt songs mei moaie rimen, djippe ynhâld, op in poëtyske wize songen. Mysterieus op 'e eftergrûn, magiysk-realistysk op 'e foargrûn.

📷
📍Muzykkkafee Wytgaard

Liet 2026 | Stimtraining & SjongtechnykIen foar ien bringe de artysten harren nije Fryske nûmers foar in selekt publyk. ...
22/09/2026

Liet 2026 | Stimtraining & Sjongtechnyk

Ien foar ien bringe de artysten harren nije Fryske nûmers foar in selekt publyk. Alle artysten krije persoanlike feedback fan stimcoach Janneke Brakels. Se wurkje gear oan bereik, krêft en ekspresje. Oefeningen foar opwaarmje, útspraak yn it Frysk en mikrofoangebrûk, alles komt foarby.

Janneke: "It is foaral hiel leuk om mei syn allen inoars wurk te beharkjen. In hiel soad feedback is net nedich, ik mei foaral in soad kompliminten jaan oan de dielnimmers."

Janneke rjochte yn 2011 har eigen sjongskoalle op. Zangles Friesland (en Zangles Groningen) groeide út ta in bloeiende sjongskoalle mei op it hichtepunt goed 500 learlingen en in geweldich sjongteam. In pear jier lyn ferkocht se de sjongskoalle sadat se mear tiid krige foar nije kreative útdagingen. Sjongworkshops en stimtraining jout se noch hieltyd en troch har jierrenlange ûnderfining yn it sjongfak is dit in wier feestje foar elkenien.

-----

📷
📍Muzykkafee Wytgaard

Liet 2026 | De Kick Off (22-08-2026)Wolkom by De Kick Off fan Liet 2026. Wy binne hjoed yn it muzykkafee fan Wytgaard dê...
22/09/2026

Liet 2026 | De Kick Off (22-08-2026)

Wolkom by De Kick Off fan Liet 2026. Wy binne hjoed yn it muzykkafee fan Wytgaard dêr't de artysten foarsteld wurde sille oan de parse. Wa sille it wêze...? Spannend!

Elkenien is hjoed al betiid yn 'e fearren want de coachingsdei begjint al om 10:00 oere. It bestjoer slút noch gau de lêste dingen koart, der wurde lekkere hapkes op tafel set en dan is it tiid. De artysten stappe fleurich de drompel oer en foarsitter Pieter hjit elkenien wolkom. De ynstruminten wurde út de koffers helle, de earste noaten klinke en de teksten binne spot on. It beloofd in ynspirearjende dei te wurden!

Ek coaches Janneke Brakels, Wybe Kaspers, Darshan Boerema en Bonne van der Wal binne fan de partij om de dielnimmers fanút harren ekspertize te helpen om harren songs en poadiumkeunst fierder te perfeksjonearjen. Dit sadat de nagelnije Fryske songs ein septimber proffesjoneel opnommen wurde kinne foar de fysike release op finyl en de artysten klearstoomd binne foar de Liet 2026 showcase yn novimber!

-----

📷
📍Muzykkafee Wytgaard

Liet 2026 | De SeleksjeIt wedstriidelemint is komme te ferfallen, dit jier binne de dielnimmers persoanlik útnûge om mei...
27/08/2026

Liet 2026 | De Seleksje

It wedstriidelemint is komme te ferfallen, dit jier binne de dielnimmers persoanlik útnûge om mei te dwaan oan it coachingstrajekt en de showcase fan Liet. De seleksje is begjin fan it jier troch it bestjoer makke troch in longlist & shortlist op basis fan de artysten harren repetearre en podiumakt. Der waard oandachtich harke en besletten. Tegearre foarmje de dielnimmers in sfearfolle line-up mei Fryske songs. Der is wer in grut ferskaat oan muzykstilen mei ien oerienkomst: it is fernijend! De showcase beloofd in soad moais.

-----

📷 Media by Amber
📍Artistic Recordstore

Liet 2026 | De TariedingenHokker artysten nûgje wy út? Wa wurde de coaches en wêr leit de fokus op? Op hokker lokaasje w...
27/08/2026

Liet 2026 | De Tariedingen

Hokker artysten nûgje wy út? Wa wurde de coaches en wêr leit de fokus op? Op hokker lokaasje wurde de opnamen foar de finylplaat makke en wannear komt dizze fan de parse? Wat wolle wy mei Liet 2026 útdrage?

It goed organisearjen fan in profesjonele coachingstrajekt foar Fryske artysten en it opsetten fan in spetterjende showcase jûn yn Neushoorn is net neat... De ôfrûne moannen hat it bestjoer hiel wat jûnen hurd wurke om it nije seizoen op poaten te setten en alles ta yn 'e puntsjes ta te rieden. En dat is slagge. Op 22 augustus sette we útein mei in kick off en coachingsdei en op 12 novimber hoopje we dat de Neushoorn grôtfol sit mei leafhawwers fan Fryske kultuer.

-----

📷 Media by Amber
📍Artistic Recordstore

Liet 2026 | In Nei BestjoerBy in nije opset heart fansels ek in nij bestjoer. Fjouwer leden hawwe har al jierren mei her...
27/08/2026

Liet 2026 | In Nei Bestjoer

By in nije opset heart fansels ek in nij bestjoer. Fjouwer leden hawwe har al jierren mei hert en siel ynset foar Liet en de takomst fan it Fryske liet. Dit dogge se mei in soad wille. Der binne ek nije gesichten oanwêzich.

Ien ding is wis, der waait in frisse wyn mei kreative ideeën efter de skermen fan Liet. Elkenien sjocht ûnwiis út nei alles wat dit jier artistyk komme sil en de showcase op 12 novimber yn Neushoorn

-----

📷 Media by Amber
📍Artistic Recordstore

Adres

Ruiterskwartier 41
Leeuwarden
8911 BP

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Frysk sjongfestival Liet nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact Opnemen Met De Organisatie

Stuur een bericht naar Frysk sjongfestival Liet:

Snelkoppelingen

Delen