22/06/2026
Hasto noch gjin plannen foar de simmerfakânsje? Dan hawwe wy wat moais foar dy!
Ek yn 2026 geane wy wer nei it prachtige Skylge foar twa geweldige simmerkampen fol aventoer, wille en nije freonskippen. In wike lang genietsje fan it strân, de dunen, spannende spultsjes en gesellige jûnen mei in groep leeftydsgenoaten. ✨
📅 Simmerkamp I (9-12 jier)
🗓️ 12 july oant en mei 17 july 2026
📅 Simmerkamp II (13/14 jier)
🗓️ 9 augustus oant en mei 14 augustus 2026
Wat kinst ferwachtsje?
🏃♂️ Libjend stratego
🌳 Boskspultsjes
🏖️ Dagen op it strân
🎭 Bûnte jûn
🔥 Kampfjoer en gesellige jûnen
🤝 Nije freonen meitsje
😄 In protte wille en aventoer
Foar sawol de jongere as de âldere groep wurdt it in ûnferjitlike wike fol moaie herinneringen. Wy kinne hast net mear wachtsje! 💛
Jou dy gau op en gean mei nei Skylge foar de moaiste wike fan dyn simmer! 🌊
https://www.defolks.nl/cursussen/simmerkamp-ii-11-12-jaar
Ontdek rust en eenvoud bij De Folks Terschelling. Comfortabel overnachten in duurzame kamers midden in het bos. Boek nu je unieke natuurervaring op Skylge.