Netwurk Meartaligens en Frysk

Netwurk Meartaligens en Frysk Netwurk Meartaligens en Frysk foar fuortset- en basisûnderwiis!

Jierrenlang wie Seppy Sierksma, de frou achter konSEPT, de stille mar ûnmisbere krêft achter de Fryske tydskriften LinKk...
16/06/2022

Jierrenlang wie Seppy Sierksma, de frou achter konSEPT, de stille mar ûnmisbere krêft achter de Fryske tydskriften LinKk en Tsjil (foarhinne Tsjek). 'It is no moai west', sei Seppy. Wy tankje har foar al it krewearjen, it korreksjewurk, de fleksibiliteit rûnom ús produksjeskemas en alle tips.

Seppy, genietsje fan dyn frije tiid!

WEBINAR: Pak dyn Fryske boek dêrby! Bisto learkrêft yn it Fryske basisûnderwiis en wolsto mei dyn klasse oan 'e slach me...
10/05/2022

WEBINAR: Pak dyn Fryske boek dêrby!

Bisto learkrêft yn it Fryske basisûnderwiis en wolsto mei dyn klasse oan 'e slach mei Fryske berneboeken?
Sikest ynspiraasje en wolst dyn learlingen motivearje om sels ek yn it Frysk te lêzen?

✅Meld dy dan oan foar dit webinar (woansdei 18 mei, 15.30-17.00 oere, online) oer lêsbefoardering yn it Frysk.

Yn it webinar krigest hânfetten oanrikt om de teory oer meartaligens en lêsmotivaasje oer te setten nei dyn eigen lespraktyk. Ek sille wy reflektearje op dyn eigen lêsgedrach en dyn rol as lêsbefoarderder. Nei ôfrin fan dit webinar kinsto dyn eigen lêsmotivaasje ynsette om it lêsgedrach fan learlingen te befoarderjen!

Meidwaan oan dit webinar kin fergees! Stjoer in e-mail nei [email protected] mei dyn namme, skoallenamme en de groep dêr’tst yn lesjoust. Fan ús krijst dan in link tastjoert om fia Teams diel te nimmen.

Graach oant sjen!

Hasto in gedicht skreaun dat geskikt is foar jongerein fan 12 oant 18 jier? De organisaasje fan FeRstival lêst se graach...
29/04/2022

Hasto in gedicht skreaun dat geskikt is foar jongerein fan 12 oant 18 jier? De organisaasje fan FeRstival lêst se graach. Ynstjoere kin noch o/m 6 maaie nei [email protected]
Wat wit komt dyn gedicht dit jier yn it Fersefariaasje-boekje en smyt dy dat €75 op!

SKOALEKSAMEN FRYSK 📜Twa wiken lyn hawwe de basisskoallen de útnûgingsbrief foar it Skoaleksamen Frysk yn ‘e bus krigen a...
19/04/2022

SKOALEKSAMEN FRYSK 📜
Twa wiken lyn hawwe de basisskoallen de útnûgingsbrief foar it Skoaleksamen Frysk yn ‘e bus krigen as it goed is. Om’t wy noch in oantal skoallen misse, stjoere wy jimme hjirby digitaal in werinnering, ek oer de sosjale media!

Klink op de link en lês it brief hjir ûnder efkes troch en meld jim skoalle ek oan! In superleuke aktiviteit dêr’t learlingen yn groep 8 op twa ferskillende nivo’s oan meidwaan kinne. 📩👇

Wy sjogge nei jimme út!!

https://mcusercontent.com/826a3008349e5afb6086ca42e/files/5c99d118-c0bc-e66a-30b7-ea379cd1caa2/brief_2022.pdf?utm_source=Cedin+Nieuwsbrieven&utm_campaign=f4e90d8f96-EMAIL_CAMPAIGN_2022_04_14_11_10&utm_medium=email&utm_term=0_9877a5f4cf-f4e90d8f96-79270811

RENZE STIEMSMA WINT LYTS FRYSK DIKTEE! Renze Stiemsma fan basisskoalle De Griffel yn Ljussens kin it bêste Frysk skriuwe...
18/04/2022

RENZE STIEMSMA WINT LYTS FRYSK DIKTEE!
Renze Stiemsma fan basisskoalle De Griffel yn Ljussens kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 8 flaters waard er hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Twadde waard Jelmer Faber, ek learling fan De Griffel yn Ljussens, mei 10 flaters. It tredde plak wie foar Brecht Haantjes fan De Jasker út Nij Beets. Hja hie 11 flaters.

Der dienen yn totaal 40 learlingen fan 16 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwster Martsje de Jong skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Martsje de Jong is bekend fan ûnder oaren de Fryske oersettings fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren (2020), De Goargels fan Jochem Myjer (2021) en it Frysk/Ingelsk jeugdboek Hero fan Martha Attema (2021)

De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de Provincie Fryslân.

Wy binne wer los! Save the dat: woansdei 14 septimber fan 15.00-17.00 yn De Fabriek yn Ljouwert. Wer in nije ynspirearje...
13/04/2022

Wy binne wer los!

Save the dat: woansdei 14 septimber fan 15.00-17.00 yn De Fabriek yn Ljouwert.

Wer in nije ynspirearjende masterclass oer de berneboekewike! Foar mear ynformaasje sjoch op www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl

FINALE FeRstivalFol passy en konsintraasje in gedicht foardrage op in grut poadium. Dat bart by FeRstival, de Fryske foa...
06/04/2022

FINALE FeRstival

Fol passy en konsintraasje in gedicht foardrage op in grut poadium. Dat bart by FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen. 30 dielnimmers fertsjinnen earder by de foarrondes in finaleplakje en skitterje kommende sneon 9 april op it poadium fan Schouwburg De Harmonie Leeuwarden. Wa wurde dit jier de grutte winners en meie sa’n moaie foardrachtklip opnimme?

Winner yn de kategory 'Toppers', FeRstival 2019. FeRstival is de Frysktalige foardrachtskriich foar jongeren fan 12 oant en mei 18 jier en wurdt organisearre...

PROVINSJAAL LYTS FRYSK DIKTEETongersdei 14 april sil it heve! Ut trijehûndert dielnimmers yn ‘e foarrondes hawwe har 40 ...
02/04/2022

PROVINSJAAL LYTS FRYSK DIKTEE

Tongersdei 14 april sil it heve! Ut trijehûndert dielnimmers yn ‘e foarrondes hawwe har 40 learlingen fan 15 basisskoallen selektearre foar it provinsjaal Lyts Frysk Diktee.

Tongersdeitemiddei 14 april meie se har staveringskwaliteiten nochris bewize yn de monumintale Steateseal fan it Provinsjehûs.
It Lyts Frysk Finalediktee wurdt dit jier skreaun troch Martsje de Jong, skriuwer en oersetter fan Fryske boeken.

De winner mei him/har bêste staverder primêr ûnderwiis 2022 fan Fryslân neame.

It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch Fryske Akademy, Cedin, Afûk en de Provincie Fryslân

In ynspirearjende “heidei” hân mei de stjoergroep fan it meartalich fuortset ûnderwiis en de Provincie Fryslân. Der sitt...
29/03/2022

In ynspirearjende “heidei” hân mei de stjoergroep fan it meartalich fuortset ûnderwiis en de Provincie Fryslân. Der sitte nijsgjirrige saken oan te kommen!

👉🏻folgje ús en bliuw op ‘e hichte fan alle ûnderwiis ûntwikkelingen yn Fryslân!

CHALLENGESWat in dei! Juster binne we op it Tjalling Koopmans fan start gien mei it projekt ‘Taal fan myn hert x Yung Fr...
24/03/2022

CHALLENGES
Wat in dei! Juster binne we op it Tjalling Koopmans fan start gien mei it projekt ‘Taal fan myn hert x Yung Frysk’. De learlingen en dosint Klazien de Beer binne superentûsjast. Yn ferskillende challenges dage learlingen elkoar út om it Frysk en Fryslân yn de spotlight te setten. De challenges binne aktyf en wikselje elkoar yn raptimpo ôf. Binnen 15 minuten alle talen fan de hiele skoalle yn kaart bringe? Mediteare oer dyn belangrykste wurd? Oan ‘e slach mei Fryske stiennen of it doarp yn om minsken in taalkado te jaan? De twadde klassers út Hurdegaryp pakten de challenges mei beide hannen oan!

Tjalling Koopmans is de earste skoalle yn Fryslân dy’t it nije projekt test. Takom skoaljier kinne ek oare skoallen meidwaan.

Mear ynfo? [email protected] of lês meikoarten mear op inspirerendmeertaligonderwijs.nl

FÊSTE SKOALSTIPER ACHTKARSPELEN 🎓Underwiisadviseur AJ Soepboer is fêste skoalstiper yn de  gemeente Achtkarspelen. Dêr b...
07/02/2022

FÊSTE SKOALSTIPER ACHTKARSPELEN 🎓
Underwiisadviseur AJ Soepboer is fêste skoalstiper yn de gemeente Achtkarspelen. Dêr barre moaie dingen, lykas dizze moarn mei deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Jouke Spoelstra!

ACHTKARSPELEN – ‘Taal, taal, taal en nochris taal. It belang fan taal, wy kinne der boeken oer skriuwe. Taal jout ús identiteit, yn talen kinne we ús uterje. Wy lústerje, prate, lêze en skriuwe. En foar eltsenien hat syn of har memmetaal in bysûnder plak’. Deputearre Sietske Poepjes wie t...

Adres

Laveldelheide 21
Drachten
9202PD

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Netwurk Meartaligens en Frysk nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact De Organisatie

Stuur een bericht naar Netwurk Meartaligens en Frysk:

Delen