22/10/2026
HERVORMDE VROUWENWERKGROEP BIDT EN WERKT UIT DE TRIEME OP BESITE BY IT STREEKARGYF
Fan 't simmer hat mefrou Riny Mulder út De Trieme kontakt socht mei it Streekargyf. Frou Mulder soe meikoarten ferhúzje en op himsels hoecht se dêrby it Streekargyf net yn te skeakeljen. Mar se hie op souder it argyf van de Herfoarme wurkgroep Bidt en Werkt te stean en dat woe se graach net mei ferhúzje. "Wy binne in lytse mar wol tige hechte groep en wy sykje in goed plak foar ús argyf". No is it net sa dat it argyf alles wat árgyf' neamd wurdt opnimt yn har kolleksje. Mar dit argyf bestie út ferskate notueleboeken, betinkingsboeken (fan 1948 ôf) en oare dokuminten dy't eins net fuort moatte. It argyf is brocht wurden. It oie it moaiste wêze dat de eigners fan in argyf self de skifting makke hiene en it ek noch yn soerfrije ferpakking oanlevere hie mar jo kinne ek net alles ferwachtsje.
It hat in skoftke 'yn karantên' stien om mooglike bistkes te ferbaljen en doe is it besjoen wurden en skifte yn wat al as bewarre bliuwe moast. Doe bleaune der 6 kreaze Amtserdammerkes (type argyfdoaze) oer en in doaze fol mei om it populêr te sizzen, goedbedoelde rom ....
Ut de kontakt kaam ek dat de Frouljuswurkgroep útnûge wurden is foar in rûnlieding op it Streekargyf en de bieb om ek sels te sjen wêr't it argyf tenei stiet. Tiisdei 20 oktober meldden harren de frouljue en nei in bakje kofje en it in yn 'e kunde kommen wie der in rûnlieding by de boekekolleksje del, de keunstromte, de stúdzjeseal en it argyfdepot mei harren argyf fansels! Fan de souder nei in romte meide goede klimatogyske omstannichheden. Yn it depot wie fierder ek fan alles te besjen ûnder oaren ek de berteaktes fan guon oanwêzigen. Nei in besite oan de Nynke van Hichtum-hoeke yn de bieb, koe de konklúzje lutsen wurde dat it fan beide kanten in tihe slagge middei wie.
Hjirûnder de wurkgroep op de foto en noch yn f***e fleur mei it 25 jierrich bestean yn 1973