De Fryske Beweging

Website Contact opnemen met de organisatie

De Fryske Beweging Foar de rykdom fan Fryslân, sûnt 1945.

Wy binne de organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer.

07/07/2026
Wy sykje dy!Wolsto mei dyn ynset de Fryske taal en kultuer in stap fierder bringe? De Fryske Beweging hat twa funksjes i...
12/04/2026

Wy sykje dy!

Wolsto mei dyn ynset de Fryske taal en kultuer in stap fierder bringe? De Fryske Beweging hat twa funksjes iepen foar minsken mei in waarm hert foar Fryslân en it Frysk:

📌 Administratyf meiwurker
👉 Folsleine fakatueretekst:https://defryskebeweging.frl/wp-content/uploads/2026/03/Fakatuere-Administratyf-meiwurker.pdf
📌 Ponghâlder
👉 Folsleine fakatueretekst:https://defryskebeweging.frl/wp-content/uploads/2026/03/Fakatuere-Ponghalder.pdf

By De Fryske Beweging draachst by oan ús ynset foar de posysje fan de Fryske taal yn polityk, maatskippij en media. Do wurdst ûnderdiel fan in entûsjaste klup dy’t him ynset foar taal, identiteit en mienskip.

Wat kinst ferwachtsje?
✅ In belutsen en waarme organisaasje
✅ De kâns om aktyf by te dragen oan de takomst fan de Fryske taal
✅ Sinjaand wurk mei romte om mei te tinken en mei te groeien
✅ Do kinst fuortendaliks begjinne

Ynteressearre?
Stjoer in berjocht nei [email protected] of nim kontakt op mei ús foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma: +31 6 27558103.

🔗 Mear ynformaasje: https://defryskebeweging.frl
🔗 Sjoch ek ris op: https://goeie.frl

Foar de rykdom fan Fryslân! ❤️

Opiny fan Pieter de Zwart, bestjoerslid fan De Fryske Beweging.
09/12/2025

Opiny fan Pieter de Zwart, bestjoerslid fan De Fryske Beweging.

Fan 2026 ôf wol de provinsje Fryslân twatalige ferkearsbuorden ynfiere. No wol de provinsje it Nederlânsk boppe it Frysk sette.

11/11/2025

𝗙𝗲𝗱𝗱𝗲 𝗦𝗰𝗵𝘂𝗿𝗲𝗿𝗹ê𝘇𝗶𝗻𝗴 𝟮𝟬𝟮𝟱 𝘆𝗻 𝗗𝗲 𝗞𝗮𝗻𝘀𝗲𝗹𝗮𝗿𝗶𝗷: '𝗚𝗿𝘂𝘁𝘀𝗸 𝗼𝗽 𝗙𝗿𝘆𝘀𝗹â𝗻 ... 𝗼𝗳 𝗸𝗿𝗲𝗸𝘁 𝗻𝗲𝘁?'
Mei Joost Oomen en Sylvana IJsselmuiden

Yn in tiid fan globalisearring, mar ek groeiend konservatisme wurket de Fryske identiteit befrijend en belêstend. Bist dan grutsk op it lân of de krite dêr'tst grutbrocht bist? Makket it dy lokkich? Makket it dy grutsk? Wat nimst dêrfan mei nei dyn takomst?

𝗢𝗼𝗺𝗲𝗻 𝗲𝗻 𝗜𝗝𝘀𝘀𝗲𝗹𝗺𝘂𝗶𝗱𝗲𝗻

Dichter, skriuwer, performer en muzikant Joost Oomen komt nei Ljouwert om te fertellen oer syn fyzje op it tema 'Grutsk op Fryslân... of krekt net?'. De twadde sprekker is de Friezinne Sylvana IJsselmuiden, dy't as presintatrise en aktrise it hiele lân trochkrúste, mar dy't koartlyn wer werom kaam nei Ljouwert.


𝗢𝗲𝗿 𝗱𝗲 𝗙𝗲𝗱𝗱𝗲 𝗦𝗰𝗵𝘂𝗿𝗲𝗿𝗹ê𝘇𝗶𝗻𝗴

Sûnt 2010 wurdt yn it lêst fan novimber yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing holden, dit jier organisearre troch De Fryske Beweging, yn ‘e mande mei de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant.

Fedde Schurer (1898 –1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrnjonken siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Schurer wie kristlik fredesaktivist en foarman fan de Fryske kultuer. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân.

LET OP: De lêzing is yn De Kanselarij oan de Turfmarkt yn Ljouwert. Op sneon 15 novimber 2025 begjint it programma om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere ôf) en duorret oant 16.30 oere. Nei ôfrin is der in gesellige neisit mei drankje en hapke. De tagong is fergees, mar opjaan is needsaaklik.

Tickets (fergees): https://bit.ly/43jjczq

De Fryske Beweging nûget jo fan herte út foar de jierlikse Fedde Schurerlêzing. De Fryske taal nimt dizze middei in wich...
26/10/2025

De Fryske Beweging nûget jo fan herte út foar de jierlikse Fedde Schurerlêzing. De Fryske taal nimt dizze middei in wichtich plak yn. Sa steanne Joost Oomen en Sylvana IJsselmuiden as sprekker op it program en krije jo de kâns om harren ek te befreegjen.

Adres

Leeuwarden

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer De Fryske Beweging nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact Opnemen Met De Organisatie

Stuur een bericht naar De Fryske Beweging:

Snelkoppelingen

Delen

Categorie